gedicht
wer rûkt de wrâld nei stien en sân
de sinne beskriuwt fertinne bloed
hûnen drave it waad op, wurde see
en ljocht tagelyk, blaffe harren skor
blier taast in famke de wintersee ôf
want it is no hast maitiid, simpelwei
en ik, harren dichter, sit op ’e seedyk
waan my sinnestriel tusken ús allen
Van: Albertina Soepboer
Via: www.dbnl.org
Geen opmerkingen:
Een reactie posten
Wat je vind moet je teruggeven: