grou
Boargemaster Ype Dijkstra hat sneontemoarn oan it Sint Piterkomitee de earepenning fan de gemeente útrikt. Dat die Dykstra oan Geart Tichelaar, de foarsitter fan it komitee. Dat organisearret elts jier wer it Sint Piterfeest. It Sint Piterkomitee bewarret en bewekket de tradysjes dy't ferbûn binne mei it fieren fan it Sint Piterfeest. Dat hat (ynter-)nasjonale útstrieling en set Grou 'op 'e kaart'. Sint Piter op syn beurt hat Geert en Janny Vledder beneamd ta Sint Pitergenoat, de heechste Sint Piter-ûnderskieding dy't der is. It echtpear Vledder hat in protte foar it Sint Piterfeest dien. Men hat ûnder oaren Sint Pitermearkes en -ferskes skreaun.
Bron: de Grouster
Geen opmerkingen:
Een reactie posten
Wat je vind moet je teruggeven: